Jaap Stiemer oer de Herman Brood Tapes

SEP 20, 202623 MIN

Description

It is alwer 25 jier ferlyn dat Herman Brood ferstoar, mar hy is noch altyd ien fan de bekendste rock 'n roll sjongers fan ús lân. Brood soe dit jier 80 wurden wêze. Reden genôch foar sjoernalist en Brood-saakkundige Jaap Stiemer om in podcast oer syn moetings mei Brood te meitsjen: 'De Herman Brood tapes.' Fjouwer kear hat de fan Drachten ôfkomstige Stiemer him ynterviewd. Klazina Hofstee socht Stiemer op yn syn wenplak Hoorn. De stikjes ynterviews Mei Herman Brood komme fan âlde kassettebantsjes, en binne better fersteanber makke mei AI.